Friese Geboortegedichten & Geboortegedichtjes 6

Zoals er vele prachtige geboortegedichtjes bestaan in de Nederlandse taal, bestaan er ook friese geboortegedichten in de Friese taal (voor de goede orde: dit is geen dialect maar een taal). Friese geboortegedichten en korte Friese geboortegedichtjes vind je hier bij Gedachten-Gedichten. Deze Fryske geboortegedichten kunnen van pas komen als u iemand kent, die een baby verwacht of onlangs heeft gekregen én uit Friesland komt of een achtergrond heeft in het Friese land. Leest u gerust deze mooie, leuke, bijzondere gedichten in het Fries, misschien komt dit uw Fries ook wat ten goede.


« < 1 2 3 4 5 6 7 8 9 > »

Leaf lyts berntsje
tear en bysûnder
bist foar ús in
hiel grut wûnder

Sjoch in nij libben
en betink...
gjin minske kin ús dit jaan
it is in Godsgeskink

Wolkom jonkje/famke
op dizze wrâld
wolkom jonkje/famke
kom d'r by
want op dizze grutte ierde
is ek in plakje foar dy

Berte: fan it libben it begjin
in barren, dat nea gewoan wurde kin
In berntsje sa lyts, sa bysûnder
op 'e nij binne wy tankber foar dit wûnder

Safolle leafde yn dit wûnder
Safolle lok troch Him oan ús jûn
Safolle blydskip om 'n berntsje sa lyts
Safolle moais om tankber foar te wêzen

Do waardst op 'e wrâld brocht
hiel lyts, kwetsber en sêft
do sykhellest, do gûlst en libbest
hoe grut is Hy dy 't ús dat jout

Hjir ha wy lang op wachte
einlings is it dan sa fier.
It lytse wûnder yn it widske
en dyn namme op papier.

Ik hâld fan dy,
Do hâldst fan my
Troch ús leafde
Komt der in lyts wûnderke by

In glimpke fan in ingel
naamst út de himel mei
in túfke rôze wolken,
in moaie maitiidsdei.

In sulverwite fûgel
in gouden sinnestriel,
hantsjes om te aaien
twa wankjes fan flewiel.

Sa lyts datsto bist
sa grut is 't wûnder fan it libben
nimmen hat dy oant no ta kend
allinnich God, Hy hat dy oan ús jûn

Leaf
Unyk
Lyts
Bysûnder
Gods wûnder

Út ús leafde
Út ús dreamen
Út Gods hannen
Bisto kaam

Lyts berntsje
grut wûnder
Gods glimk
ús lok

Lyts trappeljend libben
In prachtich minskje fonkenij
Ademloas, nijsgjirrich
Ferwolkomje wy dy

In lyts wûnder
Samar yn ús hannen
Sa’n lyts leaf jonkje
Foar ús hiel bysûnder

Myn mem har liif is wer slonken
En no sitte hja mei my foar de skonken
Dus meitsje jimme mar klear
Want fan my hearre jimme noch folle mear

Wat in stik bûter yn 'e brij
wy hawwe der in jonkje/famke by!
Diel mei ús dit grutte lok
kom gau om in poppeslok.

Dyn mem hat reade wangen dyn heit springt yn 'e loft dyn beppe is út de skroeven dyn pake dy hâldt skoft. Dyn broerke rint te sjongen dyn suske laket blier do bist ús nije poppe einlings is 't sa fier!

Fan stille streamen dreaun yn heinende hannen; lyts libben, folslein minske.