Fryske / Friese Geboortegedichten & Geboortegedichtjes 2

Zoals er vele prachtige geboortegedichtjes bestaan in de Nederlandse taal, bestaan er ook friese geboortegedichten in de Friese taal (voor de goede orde: dit is geen dialect maar een taal). Friese geboortegedichten en korte Friese geboortegedichtjes vind je hier bij Gedachten-Gedichten. Deze Fryske geboortegedichten kunnen van pas komen als u iemand kent, die een baby verwacht of onlangs heeft gekregen én uit Friesland komt of een achtergrond heeft in het Friese land. Leest u gerust deze mooie, leuke, bijzondere gedichten in het Fries, misschien komt dit uw Fries ook wat ten goede.


« < 1 2 3 4 5 6 7 8 9 > »

Dêr wie it dan safier
in lyts minskje oer de flier
lytse hantsjes, lytse earkes
in lyts kopke mei in mininoas
Wy binne yn 'e wolken
dat kin dochs net oars

Net foar te stellen
sa bysûnder
nea fanselssprekkend
foar ús in wûnder

Lok fynst yn it earste glimke fan dyn bern
Lok fynst yn 'e freegjende eagen dy nei dy opsjen
Lok fynste yn it hantsje dat yn dines leit
Lok fynste yn dat iene wurd dat krekt alles seit

Efter de wolken skynt de sinne
dit nije libben is in hiel grut wûnder
It liket foar elts miskien hiel gewoan
mar foar ús bist do hiel bysûnder
Wy hawwe dy sa'n soad te sizzen
mar binne Gods wûnders út te lizzen?

De ien hie in famke tocht
in oar sei der wurd in jonkje brocht
gjin ien kin it fan te foaren witte
mar ik bin in jonge en sil Jelle hjitte

In twadde berntsje
in grutte winsk
in bertewûnder op 'e nij
In nij libben al sa hielendal minsk
wy binne och sa wiis mei dy

Út ús
fan ús
en dochs
sa fansels
dysels.

Warleas en tear
kaamst foar 't ljocht
út dyn weagjende
skûlplak wei
Wy binn' sa wiis mei dy

Barre der noch wûnders, wurdt it lok noch fûn? Do mei dyn teare lytse lûden hast ús it antwurd jûn.

Bern, libje! Mar sjoch troch alles hinne dat teken fan trou: ik lit dy nea allinne

Dyn takomst is no krekt begûn ek al hast al in stikje ferline.

Berte, it makket warm, it makket kâld, it rekket jong, it rekket âld, it bliuwt in wûnder yn ’e wrâld

Lytse holle yn myn hannen
minskebern nei moarn op wei
'k wol dy noedzje
op dy passe elke dei
mar groeie silsto, ús foarby
yn tiid en yn ferstân
bliuw derby fan ien ding wis:
skrean bist yn 'e palm fan Syn hân