Friese Geboortegedichten & Geboortegedichtjes 5

Zoals er vele prachtige geboortegedichtjes bestaan in de Nederlandse taal, bestaan er ook friese geboortegedichten in de Friese taal (voor de goede orde: dit is geen dialect maar een taal). Friese geboortegedichten en korte Friese geboortegedichtjes vind je hier bij Gedachten-Gedichten. Deze Fryske geboortegedichten kunnen van pas komen als u iemand kent, die een baby verwacht of onlangs heeft gekregen én uit Friesland komt of een achtergrond heeft in het Friese land. Leest u gerust deze mooie, leuke, bijzondere gedichten in het Fries, misschien komt dit uw Fries ook wat ten goede.


« < 1 2 3 4 5 6 7 8 9 > »

- met in het bijzonder onze hartelijke dank aan Trudy Bouma -

Om stil fan te wurden
om ferwûndere nei te sjen
in kostber stikje libben
wy tankje Him dat it kin

In nij libben
in grut wûnder
út leafde berne
oan ús tabetroud

Wy binne hjoed
bliid en ferwûndere
want Hy joech ús
it grutste geskink:
in nij libben

Bist al wekker, leave? seit it ljocht
Wês wolkom, seit it libben
Beammen wiuwe in groetnis
Fûgels fluitsje dyn namme
O bern, wy binne wer bern mei dy
stap foar stap gean wy mei dy op 'en paad
Bern do joust ús betrouwen
O, datst uzes wêze meist
wat in rykdom

Dyn libben dat ús fan 't begjin ôf sa boeide
It lok dat stadich groeide
Wy wolle dy al safolle sizze
No 't wy dyn hantsjes yn ús hannen lizze
Do bist yn leafde oan ús tabetroud
Hy is it dy 't dy ús yn hannen jout

Hieltyd ha wy oan dy tocht
mei spanning dy ferwachte
Us ferwûndere, mar ek stilstien
by it tinken of alles goed gean soe
No bist der, in wûnder
unyk, en foar ús sa bysûnder
Wy binne God tankber foar dyn libben
want fia ús hat Hy dy foarm jûn

Út leafde berne
tankje wy God
datsto leave...
tenei by ús hearre meist

Stil wêze en belibje
in minske
in bern
in nij libben
dierber en sa bysûnder
in grut Godswûnder

Wat in wûnder
in hertsje dat kloppet
in berntsje dat libbet
in kostber geskink
dat allinnich God ús
op Syn tiid jûn hat

Leafde is in wûnder
Sjoch mar wat it docht
Nea kinne wy mear sûnder
Do bist ús gelok en ús ljocht