Fries geboortegedicht : 'Bist al wekker, leave'
Bist al wekker, leave? seit it ljocht
Wês wolkom, seit it libben
Beammen wiuwe in groetnis
Fûgels fluitsje dyn namme
O bern, wy binne wer bern mei dy
stap foar stap gean wy mei dy op 'en paad
Bern do joust ús betrouwen
O, datst uzes wêze meist
wat in rykdom